'Plysjeburo op Saailân Ljouwert'

© Omrop Fryslân
De fraksje fan PAL/GrienLinks yn Ljouwert fynt dat der in plysjeburo komme moat op it Saailân yn Ljouwert. Dat buro moat 24 oere per dei iepen wêze. It is wichtich dat de plysje goed sichtber is yn it sintrum fan de stêd, sa seit de fraksje.
Sûnt it plysjeburo oan de Gardenierswei sit, is de plysje minder berikber. No't it Saailân fanwege in nij museum opnij ynrjochte wurdt, kin it buro yn de plannen meinaam wurde, fynt de fraksje.