'Mear ferkearsles op skoallen'

© Omrop Fryslân
Basisskoallen yn Fryslân moatte mear dwaan oan praktyske ferkearsedukaasje. Dat is ien fan de útkomsten fan in ûndersyk nei de ferkearslessen op 500 skoallen yn de provinsje. Op it stuit jout ien op de trije skoallen gjin ferkearslessen.
Sân skoallen dogge net mei oan it aksjeplan ferkearsfeiligens. Dat plan moat it ferkearsgedrach beynfloedzje. Skoallen soene nije metoaden brûke moatte om ferkearsles te befoarderjen.