Wentebou Balk leit earst stil

19 mrt 2004 - 00:00

It wentebouprojekt op it eardere terrein fan De Volharding yn Balk leit foarearst stil. De projektûntwikkelder en de bouwer wolle wachtsje op útspraak fan de rjochter oer beswieren dy't twa Balkster boubedriuwen ha tsjin de bou fan 42 wenten.

De boubedriuwen binne lyk njonken it terrein fan De Volharding festige. De bedriuwen ferwachtsje troch de bou beheind te wurden yn mooglikheden foar útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)