Ekstern ûndersyk Fryske Akademy

© Omrop Fryslân
Nei de finansjele tekoarten by de Fryske Akademy komt in ekstern ûndersyk. De Akademy mist 700.000 euro oer it jier 2002. It is ûndúdlik wêr't it jild bleaun is. De subsydzjeferstrekkers, de provinsje Fryslân en de KNAW (Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen) wolle in antwurd.
Se hawwe KPMG frege de boel oant op de boaiem út te sykjen. Yntusken is by de Akademy ek in nije ponghâlder oannaam.