Ferwerters tsjin komst pizzeria

19 mrt 2004 - 00:00

Tal fan Ferwerters makken tongersdei op in harksitting fan de gemeenterie beswier tsjin de plande komst fan in shoarma- en pizzasaak nei it doarp. De gemeente wol graach wat dwaan oan de leechstân yn it sintrum fan it doarp en hat in shoarmaboer frege om te kommen.

Guon buertbewenners binne lykwols benaud foar oerlêst en de twa kroegen fan Ferwert binne bang foar konkurrinsje. In ferslach fan de harksitting giet nei de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)