Learlingen hâlde sels tafersjoch

18 mrt 2004 - 00:00

It Dockinga College yn Ferwert set learlingen yn by tafersjoch op skoalle. By de proef helpe eksamenlearlingen fan it VMBO de leararen en de konsjerzje by oarderproblemen yn it skoft en it skjinhâlden fan de skoalle.

It idee komt by de learlingeried wei. De learlingen kinne harsels opjaan. Alle dagen hat in oar groepke fan fjouwer of fiif learlingen tsjinst. Der sitte 230 bern op de festiging yn Ferwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)