Mear Fryske jongeren sykje wurk

18 mrt 2004 - 00:00

Mear Fryske jongeren sitte sûnder wurk. It ôfrûne jier is de jeugdwurkleazens mei goed twa prosint mear tanaam as de totale groei. Dat is tsjin de lanlike trend yn. Dat docht bliken út sifers fan it CWI.

Ein febrewaris lei it sifer fan de jeugdwurkleazens op 24,6 prosint. Dat is it op ien nei heechste fan Nederlân. Mei elkoar sochten 34.000 minsken ein febrewaris in baan. Dat is tolve prosint fan de beropsbefolking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)