Alternative troulokaasjes

© Omrop Fryslân
Yn alle gebouwen mei in dak yn de gemeente Eaststellingwerf kin troud wurde. Neist it gemeentehûs kin dat no mar twa oare plakken. De kapel oan de Prinsenstrjitte yn Easterwâlde en hotel Lunia yn Aldeberkeap.
Alternative lokaasjes moatte neist in dak, ek in tafel ha en genôch romte foar famylje en freonen. Fergees is it ek net, want de kosten foar it trouwen op lokaasje binne al gau 400 euro. Dat is 264 euro mear as gewoanwei.