Hierachterstân wurdt oanpakt

© Omrop Fryslân
Wenningstifting Kollumerlân wurket gear mei de Kredytbank. Doel is it tal húsútsettings tsjin te gean. Dat probleem wurdt hieltyd grutter. Yn de proef wurde minsken dy't langer as twa moannen gjin hier betelle ha, yn kontakt brocht mei it GKB. It is oan de misnken sels oft se op it oanbod yngean.
De gegevens oer skulden fan hierders bliuwe by it GKB. Mooglik is de nije wurkwize in trochbraak yn de oanpak fan minsken mei hierachterstân.