Nije fûgelhut by Stiens

© Omrop Fryslân
By Stiens hat Steatsboskbehear tongersdei in nije fûgelhut yn gebrûk naam. De hut oan de râne fan de Wydemar moat yn de takomst diel út meitsje fan in kultuer-en natuerrûte. De rûte 'Sporen op de Friese klaai', rint foar in part oer it âlde spoar tusken Ljouwert en Stiens.
De provinsje moat noch oer dy rûte beslute. Der binne ek plannen foar in busbaan op itselde plak. Yn de rin fan dit jier wurdt dat beslút nommen.