Museum: behearder op non-aktyf

18 mrt 2004 - 00:00

De behearder (50) fan it Streekmuseum op De Gordyk is op non-aktyf set troch it bestjoer fan it museum. De man wurdt fan heling fertocht en sit fêst. It bestjoer giet noch wol út fan de ûnskuld fan de behearder oant it tsjindiel bewiisd is.

Om wer rêst yn de organisaasje te krijen, is besluten de man op non-aktyf te setten. As er net skuldich is, kin er sa wer oan it wurk by it museum. Is er wol skuldich, dan krijt er dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)