Van 't Oeverpriis foar Kramer

18 mrt 2004 - 00:00

Brecht Kramer (13) krige woansdei de Egbert van 't Oever-oanmoedigingspriis. De rydster út Aldskoat is de dochter fan âld-hurdrider Yep. Se waard dit jier twadde op it NK en jildt ûnder kenners as in grut talint.

Kramer krige de priis op it gala 'Schaatser van het jaar'. Dy priis gie nei wrâldkampioen sprint Erben Wennemars. De wrâldkampioene sprint, Marianne Timmer, waard útroppen ta reedrydster fan it jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)