Sertifikaat foar Nij Smellinghe

18 mrt 2004 - 00:00

Nij Smellinghe jout kankerpasjinten goede ynformaasje oer it ferrin fan har sykte. As earste yn Nederlân hat it sikehûs yn Drachten in sertifikaat krigen foar de wize wêrop't sy mei de kankerpasjinten omgeane.

It NIAZ-sertifikaat wurdt útjûn troch it Nederlânsk ynstitút foar de akkreditaasje foar sikehuzen. Troch de ynformaasje kinne de pasjinten better begelaat wurde by de behanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)