CNV stipet Aldi-filiaallieders

18 mrt 2004 - 00:00

It CNV stapt wer nei de rjochter om op te kommen foar de filiaallieders fan de Aldi. Op de fergadering woansdei is ek in aksjekomitee oprjochte.

Mei it koart pleit besiket it fakbûn de omsetpreemjes foar filiaallieders te behâlden. De supermerk driget dy yn te hâlden as reaksje op in earder koart pleit wêryn't bepaald waard dat de filiaallieders gjin oeroeren draaie meie. Der kamen goed 200 filiaallieders nei de aksjegearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)