Steaten gjin Frysk Parlemint

© Omrop Fryslân
De feroaring fan Provinsjale Steaten yn Frysk Parlemint giet net troch. In mearderheid fan de Steaten sjocht in wiziging fan de namme net sitten. De FNP hie útsteld om de namme te feroarjen.
CDA, VVD en PvdA stimden tsjin. Sy fine dat de namme fan de Steaten histoarysk bepaald is en neame it net ferstannich dat te feroarjen. De FNP woe de namme feroarje omdat dat funksje en foech fan de Steaten dúdliker meitsje soe.