Akkoart oer nije akwadukten

17 mrt 2004 - 00:00

De provinsje hat in akkoart berikt mei Wymbritseradiel oer de ferdieling fan de kosten fan twa nije akwadukten yn dy gemeente. Dat sei deputearre Mulder woansdei yn de Steategearkomste.

De akwadukten komme by Wâldsein en de Jeltesleat. Yn de Steaten wiene noch fragen oer in bydrage fan it gearwurkingsferbân Noard Nederlân, it SNN. It SNN soe as betingst steld hawwe dat de brêge yn Wâldsein 50 minuten yn 'e oere iepen stean moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)