Rjochter:nachts gjin foksejacht

17 mrt 2004 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat woansdei it nachtjeien op foksen ferbean. Oerdei mei de jacht gewoan trochgean. De Faunabeskerming en de Dierebeskerming hiene de rjochter frege om in ferbod.

Neffens de rjochter koe de provinsje yndie net goed oantoane dat de greidefûgels better út binne as de foks bejage wurdt. Mar om't de oanklacht tsjin in âlde ûntheffing yntsjinne wie, wie er net ûntfanklik. It jeien kin dêrom oerdei gewoan trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)