Wer konserten yn 't Koartling

17 mrt 2004 - 00:00

Yn jongereinsintrum 't Koartling yn Bûtenpost meie fan de gemeente Acht- karspelen wer konserten jûn wurde. De gemeente hie de konserten ferbean nei klachten fan omwenners oer lûdsoerlêst.

Troch it gebou better te isolearjen, tinkt de gemeente dy oerlêst foar te kommen. It giet ûnder oaren om it isolearjen fan ruten, doarren en reekkanalen. Alle jierren meie yn 't Koartling 12 konserten jûn wurde dy't 23.00 oere dien wêze moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)