Bolletylders tsjin sâlt wetter

© Omrop Fryslân
It behear fan natuergebiet Lauwersmar soe in stik makliker wêze as der sâlt wetter it gebiet ynlitten wurdt. Dan groeit it gebiet net ticht mei beamkes. Steatsboskbehear wol dêrom sâlt wetter ynlitte, mar blombolletylders binne dêr op tsjin.
It wetter komt dan ek fierder Fryslân yn en dat betsjut dat net allinnich de bolletylt gefaar rint, mar ek oare gewaaksen. It gebiet is oars krekt oan- wiisd as gaadlik plak foar blombollen.