Merk Ljouwert op tredde plak

17 mrt 2004 - 00:00

De freedsmerk fan Ljouwert is de op twa nei bêste merk fan Nederlân. Dy fan Enschede en Grins steane op it earste en twadde plak. De prizen waarden tiisdei útrikt troch de Sintrale Feriening foar Ambulante Hannel.

Dy feriening sjocht nei de feilichheid en de kreazens fan de merk en de foarsjennings foar keaplju. Ek de sfear fan de merk moat goed wêze. Sân jier lyn waard de Ljouwerter freedsmerk útroppen ta bêste merk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)