'Bonnehos' mei sloopt wurde

17 mrt 2004 - 00:00

It Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert mei fan de gemeente sloopt wurde. It Cuypersgenoatskip woe it sikehûs oan de Troelstrastrjitte op de monumintelist ha. Dat fersyk hat de minister ôfwiisd.

De gemeente wol de súdgevel, de kapel en de beammen yn it park hâlde. Dat wurdt mei de projektûntwikkeler ôfpraat. Neffens wethâlder Van Mourik kin yn it kontrakt opnommen wurde dat de saak op 'e nij opboud wurde moat, as der wat mei it orizjineel bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)