Earste peal swimbad Harns

© Omrop Fryslân
Yn Harns is tiisdei begûn mei de oanlis fan it nije swimbad. It bad wurdt boud op it plak njonken it hjoeddeiske ynstruksjebad. De havenstêd sit al tsien jier sûnder folweardich swimbad. It lêste iepenloftbad waard yn 1995 sletten omdat it te djoer wie.
Harns begûn pas yn 2000 mei it reservearjen fan jild foar in nij swimbad. It nije bad moat ein 2005 klear wêze. De kosten fan it nije bad wurde rûsd op 4,7 miljoen euro.