Profyl foar nije boargemaster

16 mrt 2004 - 00:00

De nije boargemaster fan Dantumadiel moat krêftich wêze en him ynsette foar hanthavening fan de regels. Dat is ien fan de útkomsten fan in enkête ûnder ynwenners fan de gemeente. Fia ynternet en in fragelist yn de Kollumer krante koene dy har útsprekke oer it profyl fan de nije boargemaster.

Boargemaster Eggens hâldt der nei augustus mei op. 76 minsken folden de enkête yn, mar dochs is de gemeente tefreden oer dit eksperimint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)