Slachterij Brada draait wer

16 mrt 2004 - 00:00

Slachterij Brada is wer mei de wurksumheden begûn. De earste kij kamen tiisdei wer binnen. Goed fyftich âld- wurknimmers koene nei moannen fan thússitten wer oan de slach. Earst wurdt proefdraaid om te sjen hoe't alles rint. Mar tongersdei moat wer op folle sterkte slachte wurde.

In goed healjier ferlyn gie Brada fallyt. De Friezen moasten salang nei Enschede, Epe of Tilburch om har fee te slachtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)