Eye for Care giet earst troch

16 mrt 2004 - 00:00

It kin noch wol wiken duorje foardat de Harnzer klinyk Eye for Care sletten wurdt. De ynspeksje foar de sûnens- soarch fynt dat de klinyk ticht moat. Neffens de ynspeksje hawwe pasjinten by behanneling yn de klinyk yn Harns kâns op bliuwende skea. Direkteur Pathuis fan de klinyk ûntkent dat.

De ynspeksje hat oanjefte dien by de offisier fan Justysje. Dy hat in pear wike nedich om in beslút te nimmen. Oant salang kin de klinyk trochwurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)