Keunstkabel útfûn op 'e Jouwer

16 mrt 2004 - 00:00

In keunststofkabel dy't sân kear lichter is as in kabel fan stiel, mar wol seis kear sa sterk. Sa'n kabel sil it bedriuw Smart-Rigging op 'e Jouwer ynkoarten meitsje. Boppedat sit der materiaal yn de kabel dat sels byhâlde kin oft de kabel noch wol sterk genôch is of hast te'n ein is.

De keunststofkabel sil earst tapast wurde by sylskippen. Op termyn sil er mooglik ek brûkt wurde by de bou fan brêgen. Hy wurdt no test yn Tilburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)