Kado's foar fytse nei it wurk

15 mrt 2004 - 00:00

Personiel fan syktekostefersekerder De Friesland wurdt ynkoarten beleanne mei kado's as se op 'e fyts nei it wurk komme. Hoe mear fytskilometers as se meitsje, hoe grutter de kado's. De Friesland is it earste bedriuw yn Nederlân mei sa'n sparsysteem.

150 fan 'e 500 wurknimmers ha tasein dat se meidogge. It sparsysteem hjit trappers en is betocht troch in bedriuw fan De Lemmer. De Friesland wol sa in ein meitsje oan it parkearprobleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)