LC-fotograaf wolkom by rjochter

15 mrt 2004 - 00:00

De fotografen fan 'e Ljouwerter Krante meie dochs wer foto's meitsje yn de rjochtbank yn Ljouwert. It fotoferbod - dat yn earste ynstânsje seis moanne duorje soe - is opheven. De Ljouwerter Krante pleatste tongersdei 26 febrewaris in foto, dêr't de ûntfierder fan Lusanne van der Gun op te sjen wie.

Nei in klacht fan 'e rjochtbank waard de foto yn lettere edysjes oanpast. Nei in petear tusken LC en rjochtbank is it fotoferbod wer ynlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)