Undersyk nei tekoarten Akademy

15 mrt 2004 - 00:00

Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk nei de tekoarten by de Fryske Akademy. Dat wolle Deputearre Steaten en de KNAW, de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen. Beide ynstânsjes binne de jildsjitter fan 'e Akademy.

De kosten by de Fryske Akademy binne út 'e hân rùn troch in projekt dat folle djoerder útfoel. Fierders moasten fanwege de Arbowet nije meubels oanskaft wurde. In kommisje sil de saak no ûndersykje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)