Loads yn Stiens ôfbaarnd

15 mrt 2004 - 00:00

Op it bedriuweterrein by Stiens is moandeitemoarn in loads ôfbaarnd. It giet om in gebou fan strjitmakker Hofman út Britsum. De brânwachtkorpsen fan Stiens, Ferwert en de fleanbasis hiene it fjoer yn in oere tiid ûnder kontrôle. Der wiene gjin persoanlike ûngemakken.

Boppe Stiens hong lange tiid in swarte loft fan 'e reek. It ferkear waard omlaat. Dêrby waarden ek stedswachten ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)