Plysje trapearret twa ynbrekkers

14 mrt 2004 - 00:00

Op 'e Himrik (yn Opsterlân) trappearre de plysje sneintemoarn betiid twa ynbrekkers, dy't dwaande wiene mei in ynbraak oan de Binnenwei. De ynbrekkers naaiden út yn 'e boskjes, mar waarden gau wer weromfûn troch de plysjehûn. Beide ynbrekkers hiene brekizers en oar ark by harren.

De iene ynbrekker (33) komt út de stêd Grins, de twadde (30) komt fan Woerden. De 61-jierrige bewenner fan it hûs oan de Binnenwei hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)