Thomas achtste op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Annamarie Thomas is snein by de WK ôfstannen yn Seould achtste wurden op de 1500 meter. Thomas soe de 1500 meter hielendal net ride, mar foel yn foar de sike Renate Groenewold. Thomas lei de ôfstân ôf yn 1.19'54". It goud wie foar de Dútse Anni Friesinger, dy't 1.17'82" ried. Marianne Timmer waard twadde yn 1.18'50". It brûns wie foar Cindy Klassen út Kanada.
De tredde Nederlânske Frouke Oonk waard 16de yn 1.20'60".