Vlasveld twad by wintertriatlon

© Omrop Fryslân
Marianne Vlasveld is sneon yn it Switserske Wildhaus twadde wurden by it wrâldkampioenskip wintertriatlon. De atlete út Reahel koe it krekt net risse tsjin har grutte konkurrinte Sigrid Lang út Dútslân.
Beide atleten sieten de hiele wedstriid ticht by elkoar. Pas by it lêste ûnderdiel, it langlaufen, koe Sigrid Lang ôfstân nimme fan Vlasveld. Lang nimt mei de oerwinning de wrâldtitel oer fan Marianne Vlasveld.