CDA ropt Brinkhorst op it matsje

© Omrop Fryslân
It CDA yn de Twadde Keamer is lulk op minister Brinkhorst fan Ekonomyske saken. Dy hat sein dat der gjin stipe mear jûn wurde moat oan de skipsbou- sektor yn Nederlân, omdat dy gjin takomst mear ha soe. Hy sei dat nei it beslút fan de Europeeske Uny dat lidsteaten noch oant maart takom jier stipe jaan meie oan skipswerven.
It Fryske CDA-keamerlid Kortenhorst fynt dit in ûntkenning fan it ynnovative karakter fan de skipsbou.