Kantelproef Amelanner rêdingboat

© Omrop Fryslân
De nije rêdingboat fan It Amelân, de Anna Margaretha, hat sneon de kantel- proef ûndergien yn Hylpen. It skip is dêr boud op de werf Aluboot. Mei de kantelproef wurdt testen oft it skip wer sels oerein komme kin as it omslein is troch min waar en hege weagen. De test waard dien mei 10 man bemanning oan board.
Op de werf sille noch wat lêste dinkjes barre moatte. Sa moat bygelyks de apparatuer der noch yn.