Oernamekandidaten foar Bylsma

© Omrop Fryslân
Fjouwer bedriuwen hawwe belangstelling toand foar de fallite skipswerf Bylsma op De Lemmer. Dat hat kurator Rotshuizen bekendmakke. Skipsbouwer Veka fan Werkendam is de meast searieuze kandidaat. It bedriuw hat dêr te min romte.
It fallite Bylsma hat 7 oant 8 miljoen euro skuld. De grutte hal falt bûten it bankroet, want dêr gean de banken oer. Oare wike wurdt fierder praat oer de trochstart.