Ekstra kontrôle spoarblokkades

12 mrt 2004 - 00:00

De spoarweiplysje sil ekstra kontrolearje, no't ûnbekenden tongersdeitejûn stikken beton op it spoar by Snits-Noard lein ha. De stoptrein Ljouwert-Starum is deroer hinne riden en hie lichte skea. Yn de trein sieten tusken de 30 en de 40 minsken. Der is net ien ferwûne rekke.

Nei alle gedachten komt it boumateriaal fan in tunnel-yn-oanlis yn 'e buert. De spoarweiplysje hâldt de eagen no goed iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)