Untslaggen by Megapool

12 mrt 2004 - 00:00

De banen fan tsientallen Fryske meiwurkers fan Megapool stean faai. De elektroanikaketen ûntslacht fan de 1100 meiwurkers oer hiel Nederlân in pear hûndert. Yn Fryslân binne fiif festigings: twa yn Ljouwert en trije yn Drachten, Snits en op It Hearenfean.

Megapool hat lykas oare bedriuwen yn de brânsj lêst fan it tebekrinnende konsumintebetrouwen. Fierders soe der mear ienheid komme moatte yn 'e ferskate festigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)