Brada sil tiisdei wer slachtsje

12 mrt 2004 - 00:00

By de Ljouwerter slachterij Brada wurdt tiisdei foar it earst wer slachte. Dan sil in proefslachting fan tachtich stiks kij plakfine. It fallite Brada waard in heal jier ferlyn oernommen troch grutslachterij Wildeboer út Drinte. By in útstjoerburo hat Wildeboer freed fjirtich persoanielsleden oannommen.

De RVV wol by de nije Brada it fleis keure. Dat wie earder net sa. Brada sil gjin fleis mear ferpakke en ferkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)