Fryske ekonomy noch yn mineur

© Omrop Fryslân
Ien op de fiif Fryske bedriuwen wol útwreidzje en ien op de tsien is ree dêrfoar te ferhúzjen. Dat hat de Keamer fan Keaphannel fêststeld. Sawat 3000 bedriuwen yn Fryslân wolle de kommende jierren it bedriuw ferpleatse. De helte soe dat graach noch dit jier dwaan.
De sifers litte sjen dat de Fryske ekonomy noch is mineur is, neffens de KvK. Trije jier ferlyn tocht noch trijekwart fan 'e ûndernimmers nei oer útwreiding of oerpleatsing.