Thomas fyfde op 1500 meter

© Omrop Fryslân
Annamarie Thomas (De Lemmer) is by de earste dei fan de WK-ôfstannen fyfde wurden op de 1500 meter. Anni Friesinger waard earste yn Seoul, folge troch de Kanadeeske Cindy Klassen en de Amerikaanske Jenifer Rodriquez. Barbara de Loor wie mei in fjirde plak de bêste Nederlânske.
Op de 500 meter foar manlju wûn Jeremy Wotherspoon út Kanada. Bêste Nederlanner wie Gerard van Velde mei in achtste plak.