Bijlsma op 'e Lemmer fallyt

11 mrt 2004 - 00:00

Skipswerf Bijlsma op 'e Lemmer is tongersdei fallyt ferklearre. Der binne net genôch oarders om troch te gean. Dat hat te krijen mei finansjele problemen yn de folsleine skipsbousektor.

It fallissemint siet der al in skoft oan te kommen. Earder sleat de festiging yn Warten al. Neffens it fakbûn FNV is it fallissemint gjin ferrassing. De 75 wurknimmers krije kollektyf ûntslach oansein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)