Gjin Lidl bûten Jouster sintrum

© Omrop Fryslân
De Jouwer krijt net in Lidl-supermerk bûten it sintrum. Dat ha boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân bepaald. Lidl woe in winkel begjinne yn it eardere pân fan de Karwei oan de Koningin Wilhelminalaan.
Neffens B en W binne der al genôch supermerken op 'e Jouwer. Boppedat lûke de besteande supermerken yn it sintrum publyk. In Lidl bûten it sintrum soe it publyk út it sintrum wei hâlde kinne, sa tinkt it kolleezje.