Ofskied fan UTD-Akkrum

© Omrop Fryslân
Sa'n 60 minsken hawwe woansdei ôfskie naam fan it âld UTD-fabryk yn Akkrum. It feefoerfabryk giet ynklusyf de grutte silo ynkoarten tsjin de flakte, neidat it desennia lang de oanblik fan Akkrum dominearre.
Under de besikers wiene woansdei in tal âld-wurknimmers, mar ek gewoane Akkrumers. Op it terrein komt lyts- skalige bedriuwichheid wêrby't ek wenne wurde kin. Earst moat lykwols in flinke hoeke fersmoarge grûn saneard wurde.