MRSA-baktearje yn Nij Mellens

10 mrt 2004 - 00:00

Yn soarchsintrum Nij Mellens yn Ljouwert is by in bewenster de MRSA baktearje fûn. Meiwurkers en bewenners fan de ôfdieling wurde ûndersocht om foar te kommen dat de sikehûsbaktearje him fierder ferspriede kin.

Sûne minsken merke yn 'e regel neat fan de besmetting. Sike minsken kinne lêst fan hûdynfeksjes krije. Yn it slimste gefal is it deadlik. Yn augustus 2002 wie yn Nij Mellens ek al in gefal fan MRSA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)