Gemeente keart pomp net op

© Omrop Fryslân
Boalsert hâldt de komst fan in sechde tankstasjon nei de stêd net tsjin. It giet om in self-service pompstasjon, dêr't goedkeap tankt wurde kin.
Oare pomphâlders yn Boalsert ha de gemeente frege gjin tastimming te jaan foar de komst fan de pomp. Se binne benaud foar konkurrinsje. De riedskommisje wol him dêr lykwols net yn minge. De gemeente ferwachtet noch wol beswieren tsjin it ferlienen fan de fergunning.