Ferdûbeling Wâldwei is begûn

10 mrt 2004 - 00:00

De ferdûbeling fan de Wâldwei is woansdei begûn. Mei elkoar seis bedriuwen lizze de dyk tusken Ljouwert en Drachten de kommende fjouwer jier oan. Foar de feilichheid is de snelheid ferlege nei 80 kilometer yn 'e oere. Automobilisten moatte ek rekken hâlde mei koarte ôfslútingen.

Yn april takom jier wurdt it earste part fan de dyk al oplevere. Dat is it stik tusken Nyegea en Garyp. Ein 2008 moat de hiele Wâldwei ferdûbele weze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)