Jild programmaried Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De programmaried fan Smellingerlân krijt foar in perioade fan twa jier 2700 euro yn it jier fan de gemeente. Dat is tiisdeitejûn besletten yn de riedsgearkomste. De programmaried wurket op frijwillige basis en krijt gjin stipe fan kabelbedriuw UPC.
De gemeenteried fan Smellingerlân hat krityk op UPC. Der binne klachten oer it kabelnet en de tariven geane omheech. De programmaried komt op foar de belangen fan de sjoggers.