Prate oer takomst bus en trein

© Omrop Fryslân
Boargers moatte meiprate oer de besunigings yn it iepenbier ferfier. Dat kin 24 maart op it provinsjehûs. Yn de Steaten binne al plannen foar it opheffen fan bus- en treinferbiningen. Sa soe it spoar Ljouwert-Harns ferdwine en bussen net mear troch doarpen mei minder as 250 ynwenners ride. Mooglik ha de Friezen alternativen.
Der moat trije miljoen euro besunige wurde. Yn juny wurdt in definityf beslút nommen oer de besunigingen.