Djoere auto wer te plak

09 mrt 2004 - 00:00

De stellen sportauto fan Kremer út Snits mei in wearde fan 53.000 euro is te plak. De eigner koe de reade Honda S2000 moandei wer ophelje by de plysje.

De auto is op De Gordyk boppe wetter kaam nei tips fan tsjûgen. De seldsume wein, dêr't der mar in stik as tweintich fan yn Nederlân omride, waard 1 maart stellen út in loads yn Heech. De eigner wie net fersekere. De plysje hat de saak noch yn ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)